Douwe Hoogland houdt Anita Andriesen lezing

Door Gewestelijk bestuur op 17 augustus 2021

Anita Andriesen ontwikkelde als politiek gezicht van de Friese Partij van de Arbeid een breed draagvlak met haar ‘Dream foar Fryslân’. Een droom die haar visie voor Fryslân op weg naar 2030 aangaf. Ze inspireerde daarmee veel mensen en verbond ook mensen aan haar.

Na Anita’s overlijden zagen we het als onze opdracht een Stichting op te richten om met een jaarlijkse lezing Anita’s inspiratie voort te zetten en uit te diepen.  Het doet ons veel plezier dat dit jaar Douwe Hoogland de rede zal houden.

De slach om de romte

Ûnder dizze titel hâldt de Fryske deputearre Douwe Hoogland op freed 10 september de jierlikse Anita-lêzing. Der is alle reden ta. Hoe moat it fierder mei de feehâlderij? Wat dogge wy mei de nutrifisearring fan de boaium? Wat is de takomst fan it feanweidegebiet? Wat is in gaadlik wetterpeil? Hoe gripe al ditsoarte saken op elkoar yn en hoe hâlde wy der stjoer oer?

Hoogland wie fjirtich jier feehâlder yn Wyns. Tweintich jier buorke er biologysk. Yn 2010 stoppe er as feehâlder. Yn 2011 waard er  lid fan Provinsjale Steaten. Yn 2019 waard er keazen ta deputearre foar ûnder oaren it feanweidegebiet, natoer, biodiversiteit, wetter en miljeu. Hy wie njoggen jier lang foarsitter fan de agraryske natoerferiening de Noardlike Fryske Wâlden, siet yn it bestjoer fan lânbou-organisaasje LTO-Noord en wie lid fan Algemien Bestjoer fan Wetterskip Fryslân.

Datum: freed 10 september 2021.
Plaats: Restaurant De Zwarte Haan, Nieuwe Bildtdijk 428, 9079 PG Sint Jacobiparochie.
Tiid: 19.30 uur bij het Anita Andriesen gedenkteken op de Zeedijk;
20.00 uur de lezing in het restaurant.
Het restaurant is vanaf 17.00 open.

It bestjoer fan de Stichting ‘Anita foar Fryslân’,

Fimke Hijlkema, foarsitter,
Bertus Mulder, skriuwer,
Hans Konst, ponghâlder,
Joop van den Berg, lid.

Donaties/giften graag naar NL15 RABO 0146 4379 69 t.n.v Anita foar Fryslân, Harddraversweg 38, 8501 CN De Jouwer

Om yn it ûnthâld te bringen: de lêzings wiene:

2009 Hans Konst   – oer De Takomst fan it Plattelân

2010 Jetta Klijnsma – oer Samen Sociaal en Solidair

2011 Rudy Rabbinge – oer De wereldpositie van de Friese Landbouw

2013 Lutz Jacobi en Tjerk Voigt – oer de Wadden

2014 Monika Sie Dhian Ho, direkteur WBS – oer Piketty en het Van Waarde project.

2015 Ton Heerts, foarsitter FNV –  oer Bezuinigen ter versterking van de export?

2016 Mariët Hamer, foarsitter SER – oer Een Fatsoenlijk bestaan.

2017 in sprekker dy’t net opdaagjen kaam.

2018 Jan Douwe van der Ploeg  – oer De kwaliteit fan de lânbou

2019 Theunis Piersma  – oer De kwaliteit fan de natoer.

2020 lêzing gie net troch fanwegen koroana

Waar ben je naar op zoek?