De slach om de romte – De Anita Andriesen lezing van Douwe Hoogland

Door Douwe Hoogland op 11 september 2021

Bêste minsken,

Wat fijn dat ik jim tasprekke mei.

Myn namme is Douwe Hoogland, sa’t de measten fan jim tink ik wol witte wie ik earder boer, ha my ynsetten foar de Fryske Wâlden en wie Steatelid. En dêr siet fansels noch fan alles tuskenyn, mar foar no mei ik deputearre wêze foar de moaiste provinsje fan ús lân mei ek de moaiste portefúlje dy’t ik my winskje koe: de griene portefúlje.

De Anita Andriessen lêzing hat foar my in positive lading. Want Anita sit ús allegearre noch djip yn it hert, en sa út en troch tink ik noch wol ris by in beslút oer ús romtlike omjouwing: ‘wat soe Anita dwaan’?

Ik ha ien fan de moaiste opjeftes yn myn portefeuille: de griene portefúlje, mar tagelyk ek ien fan de dreechste opjeftes doar ik wol te sizzen. Just trochdat se allegearre beslach op de romte nimme: it tema fan dizze lêzing.

De slach om de romte is yn it rapport Kiezen EN Delen in wichtich punt fan besprek. Yn in breed steunde moasje waard de regearring, tidens it debat yn de Twadde Keamer oer it einadfys fan de kommisje Remkes oer stikstof, frege om in studygroep yn te stellen. Dizze groep krige de opdracht om konkrete gearhingjende beliedsopsjes te sketsen. Mei ûnder oaren omtinken foar de romtlike ynrjochting fan it plattelân.

En júst it sketsen fan gearhingjende beliedsopsjes is sa wichtich. Dat jildt ek foar ús yn Fryslân. Want it grypt allegearre yn mekoar om: fan stikstof, feangreide, greidefûgels, de transysje nei in duorsume lânbou, en Natura2000. Oant bioferskaat, boaiemsûnens en fersâlting. Om kaderrichtinglijn water, enerzjytransysje en klimaatadaptaasje net te ferjitten. En dan bin ik noch net iens kompleet.

Lânbou en natuer binne hjirby ús grutste romtegebrûkers, mar steane as funksjes ek bot ûnder druk. Lyk as de studzjegroep fan it rapport wat ik niis neamde ek sketst, is de measte grûn om ús hinne al bestimd. Dus soene we neffens harren sjen moatte nei in werbestimming fan grûn (kieze) en mearfâldich romtegebrûk (diele). Mar dat is yn in provinsje as Fryslân noch net sa maklik. We binne in echte lânbouprovinsje. We binnen grutstk op dizze lânboubestimming fan in grut part fan ús grûn, wat ek jildt foar de natuerbestimming, mar it jout ek útdagings at jo al dy opjeftes dy’t ik niis neamde oanpakke moatte. Omdat Europa of it Ryk dat fan jo easkje, of omdat dit jo eigen provinsjale doelen binne.

En at we it oer sokke Ryksdoelen ha, dan kinne we net om stikstof hinne. Yn Fryslân ha we te krijen mei 11 stikstofgefoelige gebieten wêrfan 4 dy’t 50% boppe de krityske deposysjewearde sitte. Ik gean net te folle op de technyske details yn want der is ek noch in protte ûndúdlik. Mar dit jout al wol oan dat hjir in majeure opjefte leit, wêr’t benammen it Ryk no hiel drok oer neitinkt of miskien ek net oer neitinkt. It goede rapport fan Remkes “Niet alles kan overal” leit yn’t laat. Slagget de nasjonale oerheid deryn om by dit fraachstik te kiezen EN dielen?

Ien fan de redenen dat ik graach deputearre wurde woe, wie om it feangreidefraachstik fierder te bringen. De fraachstikken hjirby binne dreech en bekind: co2-reduksje, in klimaatbestindich wettersysteem en boppeal: soargje dat de lânbou perspektyf hâldt yn dit gebiet. Wêrby fan begjin of oan it útgongspunt wie: kieze EN diele. Kieze foar in oanpak dy’t ús helpt om Co2 reduksje te beheljen en wêrby’t de lânbou noch altyd meidielt yn it romtegebrûk en perspektyf behâldt om te buorkjen. Druk op de romte is hjir oan de oarder fan dei. En dochs bin ik grutsk op wat we hjir oant no ta mei berikt ha, in oanpak fan yn elts gefal earst it dikke feanpakket. Wêrby’t aanst yn de gebietsprosessen bliken dwaan moat hoe’t alles útpakt mei maatwurk. Mar ek mei in grutte opdracht wêrby’t gebiedskommisjes in antwurd jaan moatte op de ferskate fraachstikken.

Wat my hjirby bot ynspirearre hat is de fisy fan it Inspiratieteam Veenweide. Tegearre mei in tal oare experts en yn dit gefal frijtinkers, sketste ûnder oare âld ryksboumaster Floris Alkemade in fisy nei 2050. Dêryn doarden se te kiezen. Dat wie spannend, mar dat is it moaie fan in stel frijtinkers, dy meie en kinne kieze OF diele sûnder dat se de politike konsekwinsjes dêrfan hoeche te dragen. Ik ried jim allegearre oan om it ynspiraasjedokumint fan dit inspiraasjeteam ris te lêzen. Wêryn’t se frijtinke oer in merk Feangreide, in gêrsekonomy en in Feangreidegea.

Yn myn wetterportefúlje is it de lêste tiid mear in kwestje fan kieze OF diele. Dit nim ik no efkes hiel letterlik yn it ramt fan klimaatadaptaasje. Ek it nije IPCC rapport fan ôfrûne simmer drukte ús wer mei de neus op de feiten dat we net oars kinne. Ofrûne jierren hiene we tekoart oan wetter en dit jier suver te folle. In robuust klimaatbestindige ynrjochting is needsaaklik. It Fryske antwurd hjirop komt werom yn it provinsjale Regionaal Wetterprogram, dat no yn de maak is en ein dit jier ûnderwerp fan besprek is yn de Steaten. Wetter is yn myn betinken in wichtich stjoerend elemint yn alle opjeften dy’t hjir jûn de revue passearje. En ik fyn ek dat we it boaiem- en wettersysteem folle liedender meitsje moatte foar ús keuzes yn de slach om te romte.

Us oanwêzigens hjir yn it Bildt makket it bregje nei de dykfersterking Koehool Lauwersmar gau makke. In opjefte wêr’t benammen it Wetterskip foar stiet, mar wêrby’t de provinsje ek oanheakket om mei te tinken oer de gebietsprosessen. Want at jo in dyk fersterkje, moatte jo fansels ek sjen at der wurk mei wurk te meitsjen falt yn de omjouwing der omhinne. Yn de noardlike kustsône wurdt de kommende jieren sa’n 500 miljoen euro ferspikere. Ek hjir komme lânbou, natuer en klimaat by in oar en is útgangspunt: kieze EN diele. Fersâlting en foldwaande skjin wetter is hjirby in grutte útdaging.

Mar miskien noch wol de grutste útdaging, en dan kom ik by in punt dat Anita ek bot oan it hert gie, is behâld fan lânskiplike kwaliteit. Hoe lizze we no in goed fûnemint del foar ús eigen takomst en ús neiteam? Ik liuw dat we dêryn slagje omdat wy Fryslân binne en omdat we wend binne mei inoar op te arbeidzjen. Dat wie Anita ek sa wend en dat bliuwe we dwaan. Mar dat moat wol troch écht nei inoar te lústerjen en net troch foarôf inoars aginda’s yn te foljen.

As ik oersjoch wat oant no ta dien is en wat der op de koarte termyn op priemmen stiet, dan mei de konklúzje wêze dat we aardich op paad binne. Mar tagelyk moat der fuort oan taheakke wurde dat it noch net mear is as in begjin en dat der yn de kommende tiid in fersnelling noadich is.

De doelen rjochting 2030 en 2050 binne net frijbliuwend. It liket wolris dat noch net by eltsenien dat besef trochkrongen is. Mei beloftes en goedbedoelde yntinsjeferklearringen komme we der net.
De Brusselse rjochlinen binne likegoed binend en twingend as de eigen nasjonale wetten en de rjochter sil ek yn de takomst de oerheden genadeleas op ‘e fingers tikje as se dat dochs wer even ferjitte. De Vollebroeken en de Urgenda’s sitte net stil en sille en ús by de les hâlde.

Yndachtich it libbenswurk fan Anita Andriesen moatte wy der wach op wêze dat we fanút de eigen positive motivaasje oan de slach gean en de juridifisearing fan de klimaatopjefte mei inoar foarkomme. Stal jaan oan it beslach op de romte. Sadanich dat de easken fan klimaat, bioferskaat, mar ek fan in sûne ekonomysk/sosjale ûntwikkeling op it plattelân, droegen wurde troch de plattelânsmienskip sels. Mar ûnmiskenbaar moatte de oerheden der stjoerend yn optrede. Wat dat oanbelanget sille de akteurs  yn Den Haach harren ferantwurdlikheid oppakke moatte. Fêst stiet wol dat Provinsje en Wetterskip in wichtige rol krije yn de útwurking fan maatregels op it eigen grûngebiet.

Ek yn de ôfrûne jierren hat yn Fryslân, benammen ek by it feangreidedossjee, de ynteraksje tuskes de beide bestjoersorganen o sa yntinsyf west. Wêryn’t we faak mei in oar kieze EN diele. Dat jout betrouwen foar de takomst, yn hokker gearwurkingsfoarm dan ek. Allinnich kinst hurder, mar mei-inoar komst fierder: de slach om de romte kinne we allinnich mei inoar winne.

Tank foar jim oandacht en litte we it der aanst noch efkes fierder oer ha mei inoar.

Douwe Hoogland

Douwe Hoogland

Naam: Douwe Hoogland Geboren: 3 maart 1952, Bartlehiem (Tytsjerksteradiel) Woonplaats: Aldtsjerk Beroep: bestuurder en oud-boer Telefoon: 06 – 20 53 31 78 E-mail: [email protected] Douwe’s favorieten PvdA’er: Anita Andriessen Hobby’s: mountainbiken, wandelen en met de camper op stap Tv-programma: Tegenlicht Boek: De Graanrepubliek van Frank Westerman Radiozender: NPO1 Krant: Trouw en Nieuwe Oogst Moment: als alle

Meer over Douwe Hoogland