CdK Arno Brok: ‘Versteeg wie de man dy’t Fryslân ûntwikkelje woe’
Bêste Tom en Henk Jan Versteeg, fijn dat jimme kommen binne nei it in memoriam fan jimme heit. Op moandei 19 juny krigen wy tynge dat de hear Versteeg freed juny 2017 ferstoarn is. De hear Versteeg wie in bysûnder en markant persoan. Hy hat goed 13 jier in sit hân yn Provinsjale Steaten, dêrfan acht jier as fraksjefoarsitter fan de PvdA.
Hy begriep hiel goed hoe’t it dualisme wurke; sels noch foardat it dualisme ynfierd waard, makke hy der flink wurk fan. Hy koe it kolleezje, wylst syn eigen PvdA dêr diel fan útmakke, slim op ‘e hûd sitte; it dualisme brocht er yn ‘e praktyk.
Hy wie as sosjaal-demokraat bysûnder belutsen by Fryslân en syn boargers. Yn syn rol as folksfertsjintwurdiger wie er saakkundich en hie er grutte dosjeekennis. Der wie djippe wurdearring en respekt foar syn wize fan wurkjen
De hear Versteeg wie belutsen by gâns besluten. Besluten oer de ynfrastrukturele ynvestearrings yn Fryslân en oer de nijbou fan it Fries Museum. Hy wie nau behelle by de beslútfoarming oer de ferkeap fan NUON en hoe’t it jild wol of net boarge wurde moast yn de begrutting.
Syn perioade as fraksjefoarsitter hie ek mominten dy’t him bot persoanlik rekken, lykas it ferstjerren en ôfskied nimmen fan deputearre Anita Andriesen.
De hear Versteeg was een tige beflein man en hy wie knap dúdlik yn syn uteringen. Dêr hie er fakentiid net iens in mikrofoan by nedich. Tegearre mei syn ûnderwilens ferstoarne kollega fan it CDA, de hear Van der Ham, koe er it fûl opsizze. Somtiden meielkoar, faak tsjinelkoar. Mar bûten de Steateseal gongen se bysûnder freonlik mei elkoar om.
Net om ‘e nocht waarden beide mannen Stadler en Waldorf neamd, nei de bekende hearen op it balkon by de Muppets. By it ôfskied fan de hear Versteeg fan de Steaten waard harren beide in earelôzje oanbean op it balkom om sa kommentaar op de Steategearkomsten te jaan.
Yn it ôfskied fan de Steaten waard Versteeg romme om syn kennis. Hy lies alles en ûnthold it ek. Versteeg wie de man dy’t Fryslân ûntwikkelje woe: gjin stekken deromhinne sette mar de doarren iepen hâlde. Hy wie ien dy’t yn De Haach it paad fine koe en dy’t almeugend skrepte foar de magneetsweefbaan nei it Noarden. By syn ôfskied waard er beneamd ta Lid yn de Oarder van Oranje-Nassau.
Yn syn eigen fraksje stie hy foar de útstellen, moasjes en amendeminten. As de hear Versteeg se goed fûn, dan kaam it yn de Steaten wol goed. Hy wie altyd rjochte op wat de gewoane man der better fan waard. Foar de meiwurkers fan de griffy hie de hear Versteeg ek altyd tiid. Hy betanke harren altyd foar harren ynspannings en stjoerde steefêst in Krystbrief.
Nei syn Steateperioade bleau Versteeg belutsen by de provinsje en syn wurk. Sa hat er noch gauris in Steatespul begelaat om de jongerein bekend te meitsjen mei de polityk. Leafst die er dat tegearre mei Ad van der Ham. By bysûndere ûnderwerpen koe it ek samar wêze dat Versteeg ynienen op de publike tribune ferskynde – dy’t eins dêr boppe is mar de hear Versteeg siet soms ek gewoan op de tribune ûnder.
De lêste perioade fan syn libben wenne er yn Nimwegen, tichtby syn bern en bernsbern. Ik begreep dat hy dêr o sa fergulde mei wie.
Alhoewol’t er út Fryslân wei wie, liet er fia twitter blike dat er op syn bekende wize meilibbe mei de Fryske polityk, mar út soarte ek mei de lanlike polityk. Dat kommentaar moatte wy no misse. De hear Versteeg is 73 jier wurden. Hy wie in ikoan yn de Fryske polityk.
Ik fersykje jimme om stean te gean en in minút stilte te hâlden ta neitins oan de hear Versteeg.
In memoriam ta neitins oan de hear Versteeg, útsprutsen troch kommissaris fan de Kening Ano Brok yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten fan Fryslân, 28 juny 2017.