Anita Andriesen Priis wurdt wol wer útrikt
OMROP FRYSLÂN — De Anita Andriesen Priis foar romtlike kwaliteit wurdt wol wer útrikt. Dat hawwe deputearre steaten besletten. De priis waard earder útrikt yn 2010 en 2013. It provinsjebestjoer reagearret op klachten fan de PvdA-fraksje yn provinsjale steaten.
Dy neamde it begjin septimber teloarstellend dat de priis al trije jier net mear útrikt is, wylst deputearre Sander de Rouwe tasein hie dat de priis bestean bliuwe soe. Doel fan de Anita Andriesen Priis is om in ympuls te jaan oan de romtlike kwaliteit yn Fryslân.
Ek soene de Friezen troch de priis mear belangstelling krije moatte foar it Fryske lânskip. Anita Andriesen wie deputearre fan Fryslân fan 2002 oant har ferstjerren yn 2008. Sy sette har bot yn foar it behâld fan de kwaliteit fan it Fryske lânskip.