Door In het nieuws op 29 maart 2016

Lutz Jacobi stelt fragen oer it Frysk by de Belestingtsjinst

OMROP FRYSLÂN — PvdA-keamerlid Lutz Jacobi wol fan de minister fan binnenlânske saken en de steatssekretaris fan finânsjes witte oft it wier is dat der by de Belestingtsjinst gjin Frysk praten wurde mei yn telefoanpetearen mei Fryske belestingbetellers. Dizze kwestje spile de lêste wiken wer in oantal kearen.

Jacobi wol ek witte oft Friezen eventuele beswieren yn it Frysk dwaan meie. Boppedat freget se har ôf oft de minister en steatssekretaris ek fine dat der te min stjoering is by de útfiering fan de wet dy’t it brûken fan it Frysk regelet.